Hea! fan 11 oktober 2013

Описание к видео Hea! fan 11 oktober 2013

Nynke Cuperus is boerinne yn Boksum. Ofrûne freed moesten har kij fan de iene kant fan Boksum dwers troch it doarp nei de oare kant. In hiel och heden, mar se krige gelokkich help fan in pear manlju. Frou Cuperus kin har oars hiel goed allinnich rêde. Sy is al boerinne sûnt har 18de jier. No hat se al AOW mar dat is foar har gjin reden om der mei op te hâlden. Sa lang at se stean kin, bliuwt se by har kij.

Op Flylân sizze we Goeie! tsjin in frou dy't op paad is mei de kollektebus.

Комментарии

Информация по комментариям в разработке