Fryslân DOK: It Swarte Goud - Diel 1: Fan alle tiden

Описание к видео Fryslân DOK: It Swarte Goud - Diel 1: Fan alle tiden

‘It Swarte Goud’ fan Fryslân: it Frysk hynder. Keningshuzen oer de hiele wrâld hâlde fan it hynder, se spylje sels yn Hollywoodfilms en ynspirearje keunstners en sirkusartysten ta spektakulêre foarstellingen. Yn fiif dielen besiket de dokumintêre It Swarte Goud antwurd te krijen op de fraach wêrom’t it Frysk hynder no sa bysûnder is.

It wiene al de grutte Romeinske kriichshelden dy’t foelen foar dy machtige swarte ferskiningen. Hoewol, sechstich jier lyn wiene der noch mar in pear ‘Friezen’ oer. Se wiene botwei net mear nedich, ôftanke foar it boerewurk as gefolch fan de útfining fan de trekker. Hjoed-de-dei binne der wer sa’n 70.000 Fryske hynders. No prizige om harren skientme, krêft, útstrieling, karakter en dy djipswarte ûnbekladde hûd.

Hoe bleau en bliuwt it ras no oerein? Wêrom ried Zorro op in Fries en wêrom hat thrillerskriuwer Dan Brown Fryske Hynders? Wierskynlik is it om dy dreech te ferwurdzjen reden wêrom Fryske emigranten emosjoneel wurde wannear’t it oer Fryske hynders giet.

Комментарии

Информация по комментариям в разработке