It Aldershûs (songtekst)

Описание к видео It Aldershûs (songtekst)

Troch seeën skaat en lannen,
Fier oan 't westerstrân,
Tink ik mei sucht en triennen
Oan dy, myn heitelân!
It wâlet troch myn herte
Mei ingle harpgerûs,
Tink ik oan dy, myn Fryslân,
En oan myn âldershûs.

Dêr blinke glêde marren
Yn 'e sinneskyn
Wêr't ranke boatsjes driuwe,
Sêft dûnsjend op 'e wyn.
En as de fûgels floitsje
Op fean en bou en sân,
Hja geie 't út fan wille
Yn dy, myn heitelân.

Yn 't beammeskaad beskûle,
Stiet ús âlde went;
In smouter plakje op ierde
Ha 'k nearne, nearne kend.
Dêr hat ús mem my widze
Sa sillich yn 'e sûs,
Dêr boarte ik oan har knibbel
Yn dy, myn âldershûs.


#Sebastiaan233 #Aldershûs #Fryslân #Terschelling #Annekedouma

Комментарии

Информация по комментариям в разработке