Zea - Gean net by my wei

Описание к видео Zea - Gean net by my wei

Taken from the Zea album "Witst noch dat d'r neat wie" (Makkum Records/Subroutine - MR33/SR119). Production by Explore the North / Popfabryk.
buy the album at: https://makkumrecords.nl or https://zeamusic.bandcamp.com or
https://subroutine.nl

Original: Jaques Brel (Ne me quitte pas)
Version: Arnold de Boer / Zea (language: Frisian)
Cello: HARALD AUSTBØ.
Video: Wolf Maria Mulder: www.wolfmariamulder.nl

Gean net by my wei

Gean net by my wei
toe ferjit de striid
toe ferjit de niid
gean net by my wei
en dy domme tiid
fol mei misferstân
och ferjit it, want
't is ferspile tiid
hoe faak ha wy net
mei in snijend wurd
ús gelok ombrocht
kom dat is foarby
gean net by my wei

Ik sykje foar dy
yn’t stof fan’e diken
pearels fan rein
pearels fan dau
ik sil hiel myn libben
wurkje sûnder rêst
wurdst mei fjoer en ljocht
mei goud en guod bedekt
ik begjin in lân
dêr't de leafde streamt
dêr’t de leafde leannet
dêr bist do keninginne
gean net by my wei

Gean net by my wei
ik betink foar dy
wurden blau en read
taal inkeld foar dy
yn 'e hite hei
sizze wy mekoar
ea wie der in pear
dat harsels wer fûn
ek fertel ik dy
fan in kening dy’t
stoar fan nostalgy
hunkerjend nei dy
gean net by my wei

Want út de fulkaan
stil en ferstoarn
brekt nei lange tiid
dochs it fjoer wer oan
en op âlde grûn
wol faak it gewaaks
folle heger stean
dan op nije grûn
it wyt mint swart
swakte frijt mei krêft
deiljocht mint de nacht
myn hert mint dyn hert
gean net by my wei

Gean net by my wei
nee ik gûl net mear
nee ik praat net mear
ik wol inkeld noch
hearre hoe’tsto praatst
sjen hoe’tst lakest
witte hoe’tsto stadich
troch de keamer dwaalst
nee ik freegje net mear
ik wol dyn skaad wêze
ik wol dyn fuortstap wêze
ik wol dyn azem wêze
gean net by my wei

---
Recorded at home.
Mix en mastering by Tammo Kersbergen en Floyd Atema.

Комментарии

Информация по комментариям в разработке