Fryslân DOK: Frysk Bloed yn Kanada

Описание к видео Fryslân DOK: Frysk Bloed yn Kanada

Fuort nei de Twadde Wrâldoarloch lutsen hûnderten Friezen nei Noard-Amearika. Haye Witteveen fan Mullum wie 19 jier doe't er yn 1947 mei de earste boat mei emigranten nei Kanada reizge. Hy rekke oant wurk by kunde fan syn heit. Letter krige er in baan yn in abattoir.
Fryslân DOK socht de Godfather fan it Fryske hynder yn Kanada op by Toronto. Mar Witteveen hie yn Kanada gau troch dat er mei in eigen slachterij mear fertsjinje koe. Yntusken is Witteveen Meats in begryp oant yn de wide omjouwing fan Toronto. Yn 1984 hellet Witteveen as ien fan de earsten Fryske hynders nei Noard Amearika. Troch in beroerte kin er sels gjin shows mear ride. Mar hy wûn hûnderten prizen en kin sjoen wurde as ien fan de wichtichste fokkers fan Kanada dêr't se him ek wol de Godfather fan it Fryske hynder neame. Sels sjocht de hynders foaral as hobby en in manier om kontakt te hâlden mei oare Fryske emigranten. Lykas mei Willem Hellema dy't yn 1985 mei syn frou nei Kanada emigreerde. Hy komt fan Hallum dêr't syn famylje "it koekjefabryk" hat. Sels fertsjinnet er de kost mei in sûkeladefabryk flak by Toronto. Hellema hat ek Fryske hynders en lit se ynsemineare troch de stâl fan Witteveen.

Комментарии

Информация по комментариям в разработке