Ferbean - Nei Lourdes

Описание к видео Ferbean - Nei Lourdes

Us boarman hie in kwaaltsje.
Ek mei buorfrou gie 't net goed.
Ik siet net lekker yn myn fel.
En ik fielde mij ek beroerd.
Doktoren koene net helpe, ta harren grutte spyt.
Dat kueroard Lourdes wie de lêstse mooglikheid.

Kearsang: Stom, stom, dat wij wat yn dat Lourdes seagen.
Dat wij der hinnen fleagen en ús oan dat wetter weagen.
Kuer noait yn dat bubbelbad, pas op, de kâns is grut,
dat it mei jim liif en lea oanmerklik minder wurdt!

Us boarman hie sa'n lêst fan rinnende earen,
dat hij it Lourdes-wetter yn om syn flappers te massearen.
Nei oeren heilsum dobberjen stien' syn earen stil,
mar it akelige fan 't gefal is; no rint syn sjempotbril.

Us buorfrou hie sa'n hiergroei op har boppelippe.
Wat hat se wat mei hars omgriemd en mei creamker stippe!
It Lourdeswetter hat lykwols al it hier weiwosken.
Har snorke is no fuort, mar se hat no hier op 'e tosken.

Kearsang

ik hie dochs sa'n lêst fan skurft tusken de teannen.
Jokje, jokje freselik, der wie net oan te wennen.
Dat hij it Lourdeswetter yn. It like earst mar skoan!
Mar hij hat no wier oan alles en oeral de skur-ruft oan!

Kearsang

'wat is dyn pilemantsje lyts, ' sa klagen myn freondinnen.
Neffens harren wie der neat, écht neat mei te begjinnen.
Mar nei it kâlde Lourdesbad seach hij sa wyt as kryt.
Hied er earst net folle, no wie er syn hiele spultsje kwyt!

2x kearsang

Комментарии

Информация по комментариям в разработке