Ferbean - Wille

Описание к видео Ferbean - Wille

Tsjongejonge, 't wite knyntsje fan ús Sipke,
samar ynienen hie it bist in hazzelipke.
Dat kaam, hij brânde syn bekje oan myn sigaret.
No, wat ha je dan in wille net?!

Us Jeltsje hie in kavia moatte jim witte,
dêr boarte sij earjuster mei op 'e strjitte.
Mar 't rekke plat ûnder Henkies autopet.
No, wat ha je dan in wille net?!

Us âldste dochter, no ha 'k it oer Anouske,
dat berntsje hie in alderaardichst swart poeske.
Mar har ladyshave skeat út... ja, ja, goed ret!
No, wat ha wij mei ús allen in wille net?!

Us pekineeske, dy lytse leave honnepon,
koe net droege wurde yn é magnetron.
Dêr kaam ús Sytske efter, al wie it moai te let.
Mar evensagoed... wat ha je dan in wille net?!

Us parkytsje wurdt, sa sei ús Jacqueline,
super high yn it waskblik wasbenzine.
De fûgel skeat de himel yn as in raket.,
no, wat ha je dan in wille net?!

Myn akelich wiif hat net op mûzen stean.
Dus treau ik har in grize mûs ûnder de klean.
Se waar sa kjel, foel dea del op it paarket.
Wat ha je dan, as man, al in wille net?!

'k Soe in hoanne slachtsje foar ús buorman Sjoerd.
Bedarre de bile net yn myn rjochterfoet?
'k Sit al twa wiken yn 'e syktewet.
En laitsje no net... om dy stomme set... yn dit lêtste kûplet.

Комментарии

Информация по комментариям в разработке